Profile avatar
daamdevries.bsky.social
225 posts 17 followers 43 following
Prolific Poster

Dit. Minsken dy't in iftarfeest fiere binne dus dúdlik gjin 'normale' Nederlanners. Friezen dy't merke fiere dan tink ik ek net. Alles neffens de útsprutsen miening fan de skoalfuifhoer fan de BBB.

Trump ferjit efkes dat it de arrogante, ynklauwerige, blanke, Westerske dwazen west hawwe dy't Oekraïne oantrune hawwe te dwaan wat se dien ha om sa yn de oarloch te bedarjen. En no sil de gesant fan God alles opfrette wat it lân te bieden hat, de heiden.

Gjin probleem hear. Sikehûzen ticht, oare soarch ek opdoeke. En alles wat mei kultuer, sport en ferdivedaasje te krijen hat, ferbiede. Oplost. nos.nl/artikel/2557...

No't de nije wrâldoarder hieltyd mear stal krijt sil de rop om Sinezen better, mear, faker en yntinser te haten foar't neist bot oanboazje. Ik wegerje. youtu.be/Z-Gig-YHc5I?...

Ik wit net wat dit no wer koste hat mar jo kinne oan alles sjen dat it weismiten jild is. De ienichste dy't hjir wat oan hat is it reklameburo dat de webside makke hat. tienskip.nl/over-tienskip

Fan guon dingen freegje jo jo ôf hoe't se mooglik binne. Josels mei de autodoar tsjin de harsens slaan bygelyks. Dochs kin dat. Leau my. En it is mar goed dat ik okkerjiers opholden bin mei bloedfertinners oars wie ik no leech rûn.

Fierder gjin kommentaar. Jou jim mar noflik del.

Is it net in pracht? In stik as 3 Fryske wurden. En der stiet al in gebou: Obe. Hat 10 miljoen koste en soe it brûzend hert fan de Fryske kultuer en literatuer yn it bysûnder wurde. It is leau ik de biezemkast fan de gemeente. Dat hiele Arcadia is in misdiedich optinksel.

De kristenhûn Trump mei de tsien geboaden der wolris op neislaan. En de tsjerken yn Fryslân dy't mei de idioat dwepe fanwege in pear stânpunten dy't har wol noaskje soene har deaskamje moatte. nos.nl/artikel/2557...

Ek hjir wer gjin wurd oer de fraach hoe't de Westerske arrogante ynklauwerige blanke dwaas himsels yn dizze ûnmooglike posysje manûvrearre hat. Skelle op Russen en Sinezen, fierder komme de gekken net. Pasifisten ferwite selsmoardners te wêzen. Idioaten. nos.nl/artikel/2557...

Wa't wat fan my moat, moat mar belje of maile. It hat my twa jier lyn in godsfermogen koste om appe te kinnen en ik begjin no net wer mei wat oars.

It probleem is net it by jo hawwen fan in knyft, dat hiene wy doe't wy 13 wiene allegearre. It probleem binne al dy filmkes dêr't it jongfolk harren gedrach oan spegelet. Dy hiene wy net. It is dus ek net sa dat wy better wiene, mar ús omjouwing al.

Hiel súntsjesoan hear ik mear lûden dy't fêststelle dat de oarloch tichtby net folslein iensidich troch Ruslân feroarsake is mar dat de arrogante, ynklauwerige, Westerske dwaas mei ekspânsjedrift ek in net sa foarname rol spile hat. Te let. Omkoalen.

Supermerken dy't begrutsjen mei klanten hawwe. En slaafsk as dy klanten binne fine se it gjin inkeld probleem dat dy supermerken kofjeboeren fermoardzje. De westerske arrogante ynklauwerige blanke kristlike dwazen.

'Per direct'? It liket my mear 'neidat de sels net foarsjoene feroarsake opskuor besocht is dea te swijen'. Ek dit folk binne gewoan misdiedigers, krekt lykas Trump.

Nee, Brekelmantsje. Trump is in kristenhûn. Hy hat dus fine streken. Hy wit presys wat er docht. Sei letterlik dat er de macht hat. It is in krimineel fan it slimste soarte. Dat Nederlanners dêr as bline hynders efteroan fjouwerje is de krekte ynformaasje. It binne dwazen.

Moarn is it de ynternasjonale dei fan de memmetaal. Ik moat no al koarje fan taalterroristen dy't sizze wakker grutsk op harren memmetaal te wêzen. En ik bin bang dat de terroristyske organisaasje Omrop Fryslân der de hiele dei oer balte, mjekkerje en wrinzgje sil.

Zo onomwonden stond kritiek op Trump nog niet eerder in een van de Nederlandse kranten. Of heeft iemand een bewijs van het tegendeel?

It is dat François Boulangé al in hoart wei is, oars soene jo tinke dat dat stikstofdebat in modernisearre fariant fan Lingo is. Mei beukers.

Hawwe boeren belang by it opdoeken fan de NOS? Nee. Hat BBB belang by it opdoeken fan ûnôfhinklike, net troch kapitaal oanstjoerde parse? Ja.

Sa'n 35 jier lyn kocht ik op ús eigen rommelmerk in stoel fan ik rûs in jier as 50. Skjirre, ferve en op 'en nij beklaaid. Dy stof wie djoerder as in nije stoel, wit ik noch. Mar no trochsliten. Dus, foar it earst in nije stoel. Dy kostet sawat fyftjin pakjes tabak.

Jawis, 'eigen folk earst'! It Nederlânske MAGA. No, lit it my sa sizze: heidensker en asosjaler as dit wurdt it net. De Nederlânske kristenhûnen binne echt gjin sprút better as de Amearikaanske. Ik soe se godferdomme allegearre in kûgel jaan wolle. nos.nl/artikel/2556...

Want wy moatte fansels net ha dat lju dy't 3x jiers op fleanfakânsje geane dêr ienkear fan ynleverje moatte. Kinne se wol oerspand wurde.

70% fan it folk wol mear jild foar sjitterij. Dan moat de btw mar aardich omheech en jout dy allinichsteande mem de bern mar in droech stik bôle minder. Want as se deasketten wurde troch de Russen of Sinezen hat se der ek neat oan. Dat begrypt elk.

Oft jo de lju sa wat beharkje en wat dinkjes lêze dan liket it der op dat de measten dy't anneks binne mei it Famke Femke Feest al in kater hawwe noch foar't se ek mar ien drip alkoholyske molke hân hawwe.

Faaks kin de NOS dat ferslach fan it petear tusken Baker en Gorbatsjov yn in tal ôfleverings foarlêze. In soad lju soene dan hooplik ta de konklúzje komme dat se yndied by de blanke, arrogante, ynklauwerige Westerske dwazen mei ekspânsjedrift hearre.

Hjir hie ik al op rekkene. En it moat dan fansels ek foar taleveringsbedriuwen jilde. Soldaten binne krekt gewoane minsken, dus ek foar skuonfiterbedriuwen, patatbakjebedriuwen, telefoantsjebedriuwen ensafh.

Ik lês fan alles oer in feriene Europa, mear sjitark en oare rimram. En neat oer it ûntwikkeljen fan metoaden dy't bobo's ferstân bybringe. Hoe't se dat (letter) oan it jongfolk útlizze sille is my in grut riedsel. Ik kin it net. Ik skamje my dea foar myn eigen generaasje.

Ik bin tsjin elke foarm fan belegering. Mar it soe faaks wol in goed ding wêze alle politisy dy't doelbewust noait in stânpunt wiermeitsje dy kant út te stjoeren en as oefenmateriaal yn de frontliny te setten. En seker raasbekken as dizze.

Oft alles aanst yn kalk en semint sit jildt dat arrestaasjebefel tsjin Poetin dan noch of moatte wy dat dan as in poppekastfoarstelling dy't dien is beskôgje?

Famke Femke beharke oer 'directe en indirecte doorvertaling' fan de opleine noarm.

Der is my oars neat frege. No sille se my sjoen myn leeftyd wol net oproppe mar ik fyn it noch al wat om sa op in sneontemiddei kâld mei te dielen dat jo it gjin probleem fine in oar syn bern de dea yn te stjoeren.

Oft sels de NSC al net mear doart te sizzen dat Geert Wilders in raasbek, diktator en rasistelieder is dan is elke hoop op in fatsoenlik lânsbestjoer om 'e nocht. En by my is dy hoop der dan ek net mear. www.trouw.nl/politiek/pie...

Ofsjoen fan it feit dat ik tsjin sa ûngefear elke foarm fan belegering bin is it frij nayf te tinken dat in Europeesk leger funksjoearje kinne soe njonken de NATO. It hat noch noait sa west dat manlju op dat nivo fatsoenlik meiïnoar oparbeidzje kinne nei ferrin fan tiid.

Ik lês dat it ien en al fleur is want famke Femke sil ien as d'oare noarm oanpasse. As dat sa maklik giet, kin ik der dan ek fan útgean dat de alvestêdetocht takom wike woansdei ferriden wurdt?

Dit is presys wat it probleem fan BBB is. Dy lit it foarkomme as soe in bargehâlder mei 45.000 bisten in boer wêze. Dat is flauwekul, it is ûnsin, it is ligerij en it is misdiedich foar de 'echte' boeren oer. BBB is in mislike klup dy't boer en boarger misbrûkt.

Ik bin bang dat in soad lju yn de X-bubbel de bylden dy't op dit stuit op NPO2 binne net sjogge en sa al se as nep beöardielje. Dat sein te hawwen is elke fierdere diskusje ûnmooglik ha ik fernommen.

Dus, Poetin de helte fan Oekraïne en de mineralen yn de oare helte binne dan foar Trump. Europa mei rêde mei de feiligens fan it folk dêr. Ik soe sizze: snein by de preek mar wer omraak bidde foar wiisheid foar de beide kristenhûnen.

Stumper noch oan ta, de raasbek, diktator en rasistelieder hat syn ferkiezingsfolderke net by it âld papier smiten. Mar syn stimmerkes hat er al yn 'e stront sakje litten mei dat pamflet en hy hat noch oars neat dien as har bemige mei haat.

Fansels meie wy dit gjin korrupsje fan bouwend, renovearjend en polityk Nederlân neame, mar dat is it al. nos.nl/artikel/2555...

Ik wit net oft de raasbek, DIKTATOR en rasistelieder fan de PVV it yn 'e gaten hat mar ik rûs dat sa'n 90% fan myn famylje net op X sit en dus ek net by 'heel' Nederlân. Boppedat tink ik dat fierwei de measten bewust of ûnbewust ferlet fan minder haat hawwe.

FD hjoed. Moai minister. Jo witte dat jo koalysjepartner sawat it haad fan dizze slavedriuwerij is? En dat harren skoalfuifhoer dat normalisearret troch it oan te lizzen mei de raasbek, diktator en rasistelieder fan dy oare koalysjepartner?

Meikoarten sil dúdlik wurde oft de polder en de mienskip noch besteane of dat wy definityf en yn alles oerskeakelje op 'God foar ús allegearre en de rest foar my allinnich' en fierder moatst dy de bek hâlde.

Dokumintêre oer it ta stân kommen Sineeske nijjierskonserten. It bliuwt fantastysk te sjen hoe hurd dizze jonges wurkje, hoe goed se witte wêr't se mei dwaande binne mar ek bulten wille ha. youtu.be/y4qzh8vm4e8?...